Gaborone
| Gaborone | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Distrikt | South-East | |
| Status | Nasjonale haadstêd | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 246.325 (2022)[1] | |
| Oerflak | 169,0 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.458 ynw./km² | |
| Hichte | 1.014 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1964 | |
| Netnûmer | +267 | |
| Tiidsône | UTC+2 (Sintraal-Afrikaanske Tiid) | |
| Offisjele webside | ||
| www.gov.bw | ||
| Kaart | ||
Gaborone is de haadstêd fan Botswana. Botswana waard foar de ûnôfhinklikens yn 1966 Bechuanalân neamd en yn dy tiid wie Mafeking de haadstêd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Botswana waard foar de ûnôfhinklikens yn 1966 Bechuanalân neamd, en yn dy tiid wie Mafeking de haadstêd. Dy stêd (hjoed-de-dei Mafikeng of Mahikeng neamd) leit no yn Súd-Afrika, dêr't it it haadplak is fan de Súd-Afrikaanske provinsje Noardwest.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gaborone hat in steppeklimaat. It is it grutste part fan it jier sinneskynwaar. De simmers binne waarm, de winters binne sêft en drûch.
Trochstrings falt der 532 mm yn it jier.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gaborone is ien fan de hurdst groeiende stêden fan 'e wrâld. Neffens de folkstelling fan 2011 hie de stêd 231.626 ynwenners. Yn Gaborone wennet goed 10% fan de befolking fan Botswana. Benei de helte fan Botswana's ynwenners wenje yn in straal fan 100 kilometer fan Gaborone
Op 18 maart 2022 hie de stêd Gaborone 244.107 ynwenners – in groei fan sa’n 12.500 persoanen yn ferliking mei de 231.626 ynwenners yn 2011. De trochsnit groei yn 't jier foar 2011–2022 komt dêrmei út op 0,5%, wat leger is as it lanlike gemiddelde fan 1,4% yn itselde tiidrek.
| Jier | 1964 | 1971 | 1981 | 1991 | 2001 | 2006 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 3.855 | 17.718 | 59.657 | 133.468 | 186.007 | 191.776 |
| Groei | — | +359,6% | +236,7% | +123,7% | +39,4% | +3,1% |
| Jier | 2011 | 2022 | ||||
| Ynwennertal | 231.626 | 244.107 | ||||
| Groei | +20,8% | +5,4% |
Natuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tichteby Gabarone leit it Natuerreservaat Mokolodi mei in oerflak fan 5000 hektare.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
