Springe nei ynhâld

Kiruna (gemeente)

Ut Wikipedy

Kiruna
  Gemeente yn Sweden
It gemeentehûs fan Kiruna
LânFlagge fan Sweden Sweden
LânsdielNorrland
Provinsje(s)Norrbottens län
Lânskip(pen)Norrbotten
Koördinaten67° 51′ NB 20° 13′ EL
HaadplakKiruna
Oerflak20.714,66 km²
Ynwennertal22.958  (30-09-2018)
Befolkingstichtens1,11 ynw./km²
TiidsôneMET  (UTC+1)
SimmertiidMEST  (UTC+2)
Webstee: www.kiruna.se/kommun

Kiruna is in gemeente yn de Sweedske provinsje Norrbottens län. It is net allinnich de meast noardlike, mar ek nei oerflak de grutste gemeente fan it lân. It haadplak fan de gemeente is Kiruna en mei-inoar wenje der krapoan 23.000 minsken (2018).

Yn de gemeente leit Kebnekaise, de heechste berch fan Sweden. Dizze berch hat twa toppen, dy't beide op in hichte fan sa'n 2.097 meter lizze.

De gemeente bestiet út sân wenkearnen mei 200 of mear ynwenners.

Nr.PlakYnwennertal
1 Kiruna 17.037
2 Tuolluvaara 979
3 Vittangi 791
4 Jukkasjärvi 607
5 Svappavaara 400
6 Karesuando 280
7 Kuttainen 218