Kroangroep
In kroangroep is yn 'e taksonomy en de evolúsjebiology in klade (monofyletyske ôfstammingskloft), dy't bestiet út de lêste mienskiplike foarâlder fan beskate noch libbene soarten en alle ôfstammelingen (libben of útstoarn) fan dy lêste mienskiplike foarâlder. De term komt fuort út 'e gewoante in kladogram op te stellen as wie it in stambeam. De groep yn 'e kroan fan 'e stambeam, dêr't nei wizânsje de noch libbene soarten pleatst wurde, is dan de kroangroep. In kroangroep ûnderskiedt him fan oare kladen trochdat foar de bepaling fan 'e lêste mienskiplike foarâlder gjin útstoarne soarten brûkt hoege te wurden. Wol sille yn 'e measte gefallen útstoarne soarten binnen in kroangroep falle.
In goed foarbyld fan in kroangroep komt foar by de fûgels. It skift fan 'e fûgels (Aves) omfettet alle soarten fûgels dy't ea bestien hawwe, oft se no noch libje of dat se al withoelang útstoarn binne. De kroangroep binnen it skift fan 'e fûgels wurdt foarme troch de moderne fûgels (Neornithes). Dêryn binne alle noch libbene soarten fûgels gearbrocht oant en mei har lêste mienskiplike foarâlder en alle útstoarne soarten dy't ek fan dy lêste mienskiplike foarâlder ôfstammen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |