Springe nei ynhâld

Pleatsmoarden

Ut Wikipedy
It Witkruismonument op de Ysterberch noardlik fan Pretoria is in plak dêr't neibesteanden in wyt krús sette ta neitins fan de slachtoffers.

Mei Pleatsmoarden (Afrikaansk: Plaasmoorde) wurdt ferwiisd nei geweldsmisdriuwen op pleatsen yn Súd-Afrika.

Sûnt de ôfskaffing fan it apartheidsstelsel yn 1994 naam neffens beskikbere statistiken it tal oanfallen op pleatsen bot ta. Neffens de Súdafrikaanske plysjestatistiken fûnen der tusken 1991 en 2001 mear as 6.000 oanfallen op pleatsen plak, wêrby't 1.254 minsken om it libben kamen. Oer de perioade fan de acht jier dêrnei ferdûbele it registrearre tal deaden ta 3.037. Fan 2010 oant en mei augustus 2023 bedroech it tal oanfallen op pleatsen 4.308 en it tal moarden dat dêrby plakfûn 806.

Faak wurde de slachtoffers foarôfgeand oan de moard bleatsteld oan slimme mishanneling, tamtearring en/of ferkrêfting. Guon moarden wurde beskreaun as in soarte fan stânrjochtlike eksekúsje. Undersyk fan it Institute for Security Studies (ISS) hat útwiisd dat de kâns fan in boer yn Súd-Afrika om fermoarde te wurden signifikant heger leit as dy fan in trochsneed boarger en ek heger as dy fan in plysjeman. Yn 2003 stelde it Vryheidsfront Plus, in politike partij dy't de Afrikaners fertsjintwurdiget, dat blanke boeren "fermoarde waarden mei in ferhâlding fan 274 op 'e 100.000", wylst der yn Súd-Afrika as gehiel 61 moarden op 'e 100.000 minsken plakfûnen. Dat is gâns in relatyf ferskil, mar yn absolute sifers is it tal pleatsmoarden lyts. Fan 2010 oant 2023, bygelyks, wiene der yn Súd-Afrika mear as 200.000 moarden; dêrfan makken de pleatsmoarden 0,4% út.

Hoewol't ek leden fan 'e swarte mienskip it slachtoffer wurde fan dizze oanfallen, is it grutste part fan 'e slachtoffers blank. Fanwegen de brûkte taktyk en de ekstreme wreedheid besteane der binnen de boeremienskip fermoedens dat it geweld as yntimidaasjemetoade brûkt wurdt om boeren fan harren lân te ferdriuwen. It Institute for Security Studies (ISS) hat steld dat de pleatsmoarden ornaris net motivearre wurde troch rasisme, mar troch habsucht. Om't blanke boeren oer it algemien riker binne as swarten en de pleatsen ôfhandich en isolearre lizze, binne se oanloklikere en maklikere doelwiten foar gewelddiedige oerfallen. Dêrnjonken wurde ek faktoaren as de ynfloed fan drugs, hege wurkleazens en de swakke ekonomyske posysje fan 'e plattelânsbefolking neamd as mooglike oarsaken foar it geweld. Dy offisjele lêzing wurdt troch ferskate belange-organisaasjes fan boeren yn twifel lutsen; hja wize derop dat de slachtoffers en harren húshâldings faak nei de rôf op in gewelddiedige wize ombrocht wurde. De problematyk om de pleatsmoarden hinne is sadwaande in tige beladen ûnderwerp wurden.

De pleatsen lizze faak fier fan 'e bewenne wrâld en de plysje hat troch de grutte ôfstannen en in beheinde ynfrastruktuer muoite om de feiligens te garandearjen. Rassehaat en kontroversjele útspraken fan guon politisy drage neffens kritisy by oan in klimaat fan geweld op it plattelân. Der wurdt ferwiisd nei politike lieders lykas Julius Malema, dy't op gearkomsten kontroversjele striidlieten sjonge lit lykas "Kill the Boer". It oare uterste is dat de pleatsmoarden yn ekstreemrjochtse blanke fermiddens in wichtich elemint wurden binne fan 'e komplotteory oangeande in blanke genoside. Fan dy gearspanningsteory, dy't troch de Súdafrikaanske autoriteiten en de Feriene Naasjes mei statistiken wjerlein wurdt, makke ek de Amerikaanske presidint Donald Trump yn 2025 gebrûk, om te ferantwurdzjen wêrom't er blanke Súdafrikanen wol yn 'e Feriene Steaten hawwe woe, mar swarten net.

Hegere prioriteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange tiid late it, yn 'e eagen fan 'e boeremienskip, te lytse risseltaat fan 'e autoriteiten by it bestriden fan 'e moarden ta grut ûnbegryp. Aksjes fan 'e boargerrjochtebeweging AfriForum en oare organisaasjes hiene yn 2016 as risseltaat dat de Súdafrikaanske Plysjetsjinst (SAPS) tasei om it oanpakken fan 'e pleatsmoarden in hegere prioriteit te jaan en de feiligensstrategy op it plattelân te fersterkjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: