Springe nei ynhâld

Saint-Amand-les-Eaux

Ut Wikipedy
Saint-Amand-les-Eaux
Eardere abdijgebouwen.
Eardere abdijgebouwen.
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Frankryk Frankryk
RegioOpper-Frankryk
DepartemintNord
ArrondissemintValenciennes
Sifers
Ynwennertal15.974 (2023)[1]
Oerflak33,81 km²
Befolkingsticht.472.5 ynw./km²
Hichte14 m
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 26' N 3° 25' E
Offisjele webside
saint-amand-les-eaux.fr
Kaart
Saint-Amand-les-Eaux (Frankryk)
Saint-Amand-les-Eaux
Kaart
Eardere abdijgebouwen.

Saint-Amand-les-Eaux (Nederlânsk: Sint-Amands-aan-de-Skarpe) is in stêd en gemeente yn it Frânske Noarderdepartemint (regio Opper-Frankryk). De stêd makket diel út fan it arrondissemint Valenciennes en fan 'e histoaryske lânstreek Frânsk-Flaanderen. Saint-Amand-les-Eaux leit oan 'e rivier de Scarpe, in kanalisearre sydrivier fan 'e Skelde.

It plak leit yn it hert fan it 'Parc naturel régional Scarpe-Escaut', tichteby de Belgyske grins.

It oerflak fan Saint-Amand-les-Eaux is 33,8 km² en de gemeente is yn ferskillende wiken en buorskippen yndield:

  • Westlik fan 'e stedskearn: La Bruyère, Le Moulin Blanc en Le Saubois
  • Sudlik en eastlik, oan 'e oare kant fan 'e Scarpe: La Collinière, Moulin des Loups, La Grise Chemise, Le Thumelart, Mont des Bruyères, La Croisette, Cubray en Saint-Amand-Thermal.

Fral it noardlike diel fan 'e gemeente is beboud. Yn it súdeastlike diel leit it steatsbosk fan Saint-Amand.

De Sint-Amandusabdij foar de revolúsje.

Saint-Amand-les-Eaux ûntstie om 'e Sint-Amandusabdij hinne, ien fan 'e grutste abdijen fan Henegouwen en Flaanderen. Dy abdij waard yn 'e jierren 633-639 troch Amandus fan Maastricht boud op 'e grûn, dy't, lykas beskreaun yn 'e Vita Sancti Amandi, syn freon kening Dagobert I, him foar dat doel skonken hie.

Yn 'e Frânske Revolúsje is it Benediktynske kompleks hast hielen ôfbrutsen. Fan 'e abdij bleaune allinne de barokke tsjerketoer (1626) en de tagongspoarte oer. De bylden yn 'e toer waarden ek yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje fernield. De tagongspoarte is yn ; e styl fan 'e Flaamske renêssânse en jout tsjintwurdich ûnderdak oan it gemeentehûs.

Nei de Frânske Revolúsje wie de offisjele gemeentenamme Saint-Amand; sûnt 1962 waard dêr 'les-Eaux' oan tafoege.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Moulin Blanc.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1800185119011946197520062020
Ynwenners8.0399.52713.70514.21816.69216.59015.997
Boarnen, noaten en/as referinsjes: