Springe nei ynhâld

Sokoireager

Ut Wikipedy
Sokoireager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireagers (Ardea)
soarte
Ardea cocoi
Linnaeus, 1766
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     wintergast

De sokoireager (Ardea cocoi) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út de famylje reagerfûgels (Ardeidae).

De sokoireager is in grutte reager fan 95 oant 127 sintimeter en weaget likernôch 1,5 oant 2,5 kg. Hy liket in soad op syn neiste sibbe, de Amerikaanske grutte blauwe reager, mar hat oer it generaal mear wyt yn it fearrekleed. Hy ûnderskiedt him fral troch syn effen swarte krún en sydkanten fan 'e kop oant ûnder de eagen en wyt op 'e nekke en it boppeboarst, yn stee fan griis. It efterste diel fan 'e ûnderkant is swart mei wite dijen en net réadbrún. Yn 'e flecht is de boppekant fan 'e wjuk foar in grut part wyt mei swarteftige pinnen (de Amerikaanske grutte blauwe reager hat grize wjukken mei laaigrize wjukfearren). De snaffel is dof oranjerôze mei in grize punt oan 'e boppesnaffel. It each is giel.

Ferskillen mei de meast besibbe soarte
Sokoireager
Grutte Blauwe reager

De sokoi-reager komt fan eastlik Panama nei it suden oant Aysén yn Sily en Chubut yn Argentynje foar, mar net yn 'e Andes. Ut en troch wurdt de soarte as swalker ek waarnommen op 'e Falklâneilannen oant Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha. De sokoireager wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

It habitat bestiet út gebieten by rivieren, sompen en swietwettermarren. Lykas oare reagers is de soarte meast solitêr. Hy stiet faak ûnferweechlik te wachtsjen oan it wetter oant der in proai foarby komt. De fûgel briedt yn lytse koloanjes en boud in nêst heech boppe de grûn.

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2019 rûsd op 5 oant 50 miljoen folwoeksen fûgels. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2021) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: