Springe nei ynhâld

WSSFS

Ut Wikipedy
Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje
algemiene ynformaasje
type org.Fryske studinteferiening
fêstige ynWageningen
oprjochte1930
oprjochterJan Bieuwes van der Meulen
tal leden± 50
offisjele webside
https://wssfs.nl/

It WSSFS is koart foar it Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje en is aktyf yn Wageningen. Under de Friezen dêre stiet Wageningen bekend as Weinum. De leden binne studinten fan fral Wageningen University and Research.

It selskip is oprjochte op 23 jannewaris yn it jier 1930 troch Jan Bieuwes van der Meulen. It WSSFS. waard dêrby ôfsplitst fan studinteferiening Ceres te Wageningen. It wie de earste feriening yn Wageningen dêr’t manlju en froulju op deselde jûn by inoar wêzen mochten. Ek mocht der Frysk praat wurde op aktiviteiten. Dit wie net gewoan yn de tiid fan oprjochting. De feriening hat ien earelid en dat is Tjipke Wyngaarden. Hy is beneamd ta earelid fanwege syn grutte ynset foar de feriening. De omfang fan de feriening wikselt oer de jierren. Yn it ferline hat de feriening wol mear as 100 leden telt, mar tsjintwurdich sit it rûn de 50 leden.

Alle wiken, mei útsûndering fan fakânsje- en tentamenwiken, is der in aktiviteit dêr’t de leden oan meidwaan kinne. Dy aktiviteiten wurde organisearre troch kommisjes, of troch it bestjoer. De feriening hat sa'n 20 kommisjes, dy ’t allegear in aktiviteit organisearje of harren op in oare manier ynsette foar de feriening. Foarbylden fan de kommisjes binne bygelyks, de Redaksje dy ’t it ferieningskrantsje de Tsjilstynge eltse perioade makket. De MOARD (Makket Oerdwealske Apen Rju en Deugdsum) soarget der alle jierren foar dat nije studinten entûsjast makke wurde foar de feriening, dêr't hja “swingel” troch wurde: Swingel is de namme foar potinsjele nije leden. De Taal- en Kultuerkommisje organisearret in sprekkersjûn en it ferneamde strjittekeatsen op 'e merke yn Wageningen. By dizze twa aktiviteiten binne minsken fan bûten de feriening ek wolkom. Elts jier wurdt der ek in sylwykein organisearre troch it bestjoer, wat sjoen wurdt as it hichtepunt fan it jier. Dat wykein wurdt der syld op ‘e Fryske marren. Wannear de feriening jierdei hat, wurdt der in "Dies Natalis"-wike organisearre. Dy wike sit grôtfol aktiviteiten en is altyd tige gesellich. Om de fiif jier fynt it lustrumjier plak dêr't de Dies-wike noch grutter by fierd wurdt.

It WSSFS makket diel út fan it gearwurkingsferbân De Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Fanút de federaasje wurdt der elts jier in Krystkongres yn Frentsjer organisearre. Dat kongres wurdt altyd goed besocht en is it pronkstik fan de gearwurking mei de oare Fryske ferienings yn Nederlân.

De thússide fan WSSFS