Fenlo
| Fenlo | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | stêd: 70.021 (1 jannewaris 2026)[1] gem.: 104.192 (1 jannewaris 2026)[2] | |
| Oerflak | stêd: 62,13 km², wêrfan wetter: 1,26 km² gem: 128,99 km², wêrfan wetter 4,83 km² | |
| Befolkingsticht. | stêd: 1127 ynw./km² gem: 808 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 5900–5951 | |
| Netnûmer | 077 | |
| Offisjele webside | ||
| www.venlo.nl (gemeente) | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Fenlo | ||
Fenlo (Nederlânsk en offisjeel: Venlo) is in stêd en gemeente yn it noarden fan 'e Nederlânske provinsje Limburch. De gemeente hat 104.192 ynwenners (1 jannewaris 2026) en is 128 km² grut. De stêd hat sa'n 70.021 ynwenners (2026) en krige yn 1343 stedsrjochten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fenlo leit op in strategysk plak op in wichtige krusing fan diken by in furde oer de Maas. De delsetting waard al yn 'e iere Romeinske tiid (50 f.Kr. - 70 n.Kr.) bewenne. Der binne ferskate fynsten fan ierdewurk, munten en sieraden oantroffen, dy't wize op bewenning troch Romeinske militêren en romanisearre hannelers. Argeologysk ûndersyk yn en oan 'e Maas hat net oantoand dat hjir in brêge lein hat. Nei de tredde iuw bleau de delsetting by de hjoeddeiske binnenstêd fan Fenlo in oantal iuwen ûnbewenne. Der binne gjin spoaren út de let-Romeinske tiid bekend. Wol binne der spoaren fan bewenning oant yn 'e sânde iuw fûn oan 'e westkant fan 'e Maas, yn Blerick, lâns de noard-súdferbining Nimwegen-Maastricht-Tongeren.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1991 waard by argeologysk ûndersyk in grêft bleatlein dy't út 900 datearret. Dat betsjut dat der yn 'e 9e iuw al in doarp fan betsjutting yn dit diel fan 'e lettere stêd lei.
Yn 'e midsiuwen wie de stêd Fenlo in wichtich hannelsplak oan 'e Maas, sels te ferlykjen mei Dútske plakken as Keulen, Spiers en Worms. Fenlo hearde ta Opper-Gelre en yn 1481 waard Fenlo lid fan it Hânzebûn. Alhoewol't it Hânzebûn doe al oer it hichtepunt hinne wie, betsjutte it de status fan in erkende hannelsstêd.
Nije Tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hartochdom Gelre kaam as lêste gewest by de fal fan Fenlo yn 1543 de facto, en by it Traktaat fan Fenlo de jure yn hannen fan keizer Karel V, dy't it by de rest fan syn Nederlânske besittings foege. Sûnt 1590 wie Gelre splitst yn in noardlik en in sudlik diel en hearde it sudlike diel, Opper-Gelre, ta de Súdlike Nederlannen. Yn 'e 17e iuw wie Fenlo ôfwikseljend Spaansk en Steatsk besit. De Spaanske Suksesjeoarloch late dêrnei ta it Barriêretraktaat, wêrby't Opper-Gelre by de Frede fan Utert yn 1713 opdield waard tusken Prusen, de Eastenrykse Nederlannen en de Nederlânske Republyk. De stêd waard ûnderdiel fan 'e Republyk en kaam te lizzen yn it Generaliteitslân Steatsk-Opper-Gelre.
Hiel Steatsk-Opper-Gelre waard yn 1794 troch de Frânsen oermastere. Nei harren fertrek gyng Fenlo by de nij foarme provinsje Limburch hearren yn it Keninkryk fan de Nederlannen. Oars as de rest fan Limburch waard Fenlo (lykas ek it gebiet fan 'e stêd Maastricht) gjin lid fan it Dútske Bûn. By de Belgyske Opstân keas hast hiel Limburch en ek Fenlo de kant fan 'e Belgen, mar by de fredesregeling waard Limburch opsplitst en kaam Fenlo by Nederlân. Healwei de 19e iuw waarden de stêdsmuorren sljochte en wreide de stêd him flink út oer de bûtengebieden en lâns de tagongsdiken.
De 21 âldste foto's fan Fenlo datearje fan 1857-1861 en binne te finen yn in album fan 'e militêre arts Petrus Jan van der Grijp, dat hjoed-de-dei yn it besit fan it Gemeenteargyf Fenlo is.
Oant yn 'e 19e iuw leine om de stêd noch útwrydske lânbougebieten en ûnlân. Der binne doe ferskate pleaten stifte om it lân oan te meitsjen. Guon fan dy pleatsen groeide út ta hearehûzen mei grêften der om hinne. Yn 'e 19e iuw ûntwikkele Fenlo him ek jimmermear ta in sintrum fan 'e glêstúnbou.
Tweintichste iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 9 novimber 1939 barde yn Fenlo it Fenlo-ynsidint, wêrby't twa Britske aginten troch de Dútske Gestapo finzen nommen waarden. Oant oktober 1944 wie Fenlo hast net rekke troch de oarloch, mar dat feroare doe't it front Limburch nadere. Fenlo hie fan in soad skea te lijen meidat de frontliny trije moanne lang troch it sintrum rûn. By fûle Alliearde bombardeminten op 'e strategyske Maasbrêge en it tichtebylizzende Dútske fleanfjild waard it stedssintrum foar in part ferneatige en kamen der in soad ynwenners om. De stêd waard yn it ramt fan operaasje Grenade op 1 maart 1945 befrijd troch de Amerikanen fan it 9e Leger
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't yn 1940 de plakken Blerick, Boekend en Hout-Blerick en de buorskip 't Ven by de doetiidske gemeente Fenlo foege binne, fusearren de oant dan ta selsstannige gemeenten Tegelen en Belfeld op 1 jannewaris 2001 mei de gemeente Fenlo. Fierder makket ek it kleasterdoarp Steyl (earder ûnderdiel fan 'e gemeente Tegelen) noch diel út fan 'e gemeente. Offisjeel bestiet de gemeente Fenlo no út fjouwer stedsdielen, te witten: Fenlo, Blerick, Tegelen en Belfeld. Boppedat waard op 1 jannewaris 2010 de noardlik fan 'e stêd lizzende gemeente Arcen en Velden by de hjoeddeiske gemeente Fenlo yndield. De eardere gemeente omfieme de doarpen Arcen, Velden en Lomm. Mei de lêste yndieling gyng de gemeente foar it earst oer de grins fan 'e 100.000 ynwenners.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Nederlânske namme | Lokale namme | Ynwennertal[3] |
|---|---|---|
| Fenlo | Venlo | 40.945 |
| Blerick | Bliërik | 23.990 |
| Tegelen | Tegele | 15.125 |
| Belfeld | Belvend | 5.475 |
| Velden | Velde | 5.415 |
| Steyl | Sjteil | 3.635 |
| Hout-Blerick | Holt-Bliërik | 2.865 |
| Arcen | Árse | 2.760 |
| Lomm | Lóm | 1.040 |
| Boekend | d'n Bookend | 880 |
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e gemeente lizze ferskate natuergebieden. Lâns de Maas is it 70 ha grutte Rivierpark Fenlo-Velden te finen, in uterwaardengebiet, wylst benoarden Fenlo, by Velden, it natuergebiet Zwart Water mei de Venkoelen leit, dat út nullebosken en dobben bestiet. Eastlik fan Fenlo leit de Grote en Kleine Heide. De hichte rint dêr op oant 43 meter. Súdlik fan Fenlo leit de Onderste en Bovenste Molen en it Jammerdaal. De gebieten binne allegear yn it besit fan 'e Stifting it Limburchsk Gea. Yn it gebiet leit de boarne fan 'e Wijlderbeek, de Wittebeek en de Venlose Molenbeek.
De stêd Fenlo leit oan 'e rjochter igge fan 'e Maas op in hichte fan likernôch 18 meter NAP. De stêd wurdt, foaral oan 'e noardkant, troch ferskillende bedriuweterreinen omfieme. Troch de stêd streamt de Rijnbeek, in beek dy't al yn 'e midsiuwen kanalisearre waard en dy't as ôfwetteringskanaal tsjinnet. Yn it noardeastlike part fan Fenlo is by de Dútske grins noch in gebiet mei in soad glêstúnbou.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It stedhûs fan Fenlo is in letgoatysk bouwurk oan 'e Markt, dat datearret fan 'e midsiuwen en letter ferfraaid is.
- De Sint-Martinusbasilyk is in monumintale goatyske tsjerke yn it hert fan 'e binnenstêd mei bysûndere keunstwurken en in ferneamde toer.
- Ien fan 'e âldste strjitten yn Fenlo is de Jodenstraat, in histoaryske winkelstrjitte mei in soad monuminten.
- Huize Ottenheym oan 'e Vleesstraat yn 'e binnenstêd is in bewarre hannelshûs út de 16e iuw. In oar monumint is it Romerhuis, in letgoatysk hûs út 1490 op 'e hoeke fan 'e Kwartelenmarkt/Wijngaardstraat.
- De bûlevard oan 'e Maas.
- Fan 'e eardere stedsmuorre is in 60 m lang restant mei de namme ’t Lanckwaemes oerbleaun. Oare restanten binne De Luif en in stik muorre yn 'e kleastertún fan Mariaweide.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Museum van Bommel van Dam, in museum foar hjoeddeiske keunst.
- Limburgs Museum, provinsjaal kultuer-histoarysk museum mei in rike kolleksje oer de regio.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Steyl (Tegelen): in bysûnder kleasterdoarp mei monumintale tsjerken, tunen en in rike religieuze skiednis oan 'e Maas.
- Arcen: de kastieltunen op it terrein fan in midsiuwsk kastiel.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Limburch | |
|---|---|
| Beek - Beekdaelen - Beesel - Bergen - Brunssum - Echt-Susteren - Eijsden-Margraten - Faals - Falkenburch oan de Geul - Fenlo - Fenray - Foerendaal - Gennep - Gulpen-Wittem - Hearlen - Horst oan de Maas - Kerkrade - Landgraaf - Leudal - Maasgouw - Maastricht (haadstêd) - Meerssen - Mook en Middelaar - Nederweart - Peel en Maas - Roerdalen - Roermûn - Simpelveld - Sittard-Geleen - Stein - Weart | |

