Springe nei ynhâld

Harichsterbosk

Ut Wikipedy
De linebeamleane yn de Harichsterbosk

De Harichsterbosk is in natoergebiet yn Gaasterlân.

It tsjerkepaad troch de Harichsterbosk

De Harichsterbosk, in bosk fan 66 hektare, leit besuden Harich en súdwest fan Balk. De bosk hat in saneamde rabattestruktuer. Troch de ûnderlizzende balstienlaach yn de bosk, dy't gjin wetter trochlit, waarden der greppels groeven foar de ôfwettering. De frijkomde grûn waard brûkt om it beboske gedielte op te heegjen. Sokke damen wurde rabatten neamd. Op dy damen waarden foar de houteksploitaasje simmeriken plante. Yn de bosk komme ûnder mear reeën, dassen en stienmurden foar. Steatsboskbehear hat it gebiet sûnt 1962 ûnder behear. Yn it súdeasten foarmet de N359 de begrinzging fan it gebiet. Oan de noardeastside fan de bosk rint in âld tsjerkepaad. Oan de noardwestkant fan de bosk rint in mear as 1000 meter lange linebeamleane. Oan de oare kant fan de wei lizze de Starnumanbosken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

Alddyksgat • De Alde Bosk • Balksterbosk • Beekdelling Alddjip • Blikfeart • Boksleat • Boskplaat • Brandemar • Bremer Wyldernis • Burgumer Mar • Bûten Ie • De Deelen • Dellebuorren • Driezumer Mar • Drintsk-Fryske Wâld • Duerswâldmer Heide • Eastbosk • Egyptebosk • Elfbergen • Geastmer bosk • Gouden Boaiem • Grutte Brekken • Hagedoarnfjild • Hamstermieden • Harichsterbosk • Haulsterbosken • Heanmar • Himpensermar • Hollumerbosk • Houtwiel • Jolderenbosk • Jouswierpolder • De Kalkman • Kanadamar • Klaarkampster Mar • Koegelwieck • Kop fan de Bloksleatpolder • Koudumer Heech • Kroanpolders • Kwekerijbosk • Lange Dunen • Lângoed It Oranjewâld • Lângoed Stania State • Lauwersmar • De Leien • Lindefallei • Marlannen • Lytse Marren • Nannewiid • Noardlike Fryske Wâlden • Nesserbosk • Nijemardumer Heide • Noardfarder • Polder Reahel • Reidpôllen • Roasdunen • Roazebosk • Rotstergaaster Wâlen • Rottige Meente • Sânhúster Fjild • Schwartzenbergerbosk • Sleattemer Mar • Snitser Mar • Sparjeburd • Starnumanbosken • De Steaten • Sweagermieden • It Swin • Tsjongerwâlen • Tsjûkemar • Twizelermieden • De Vleyen • Warkumer Nijlân • De Warren • Weinterper Skar • Wikeler Hop • De Wyldemerk • Wynzerpolder • Wite en Swarte Brekken

· · Berjocht bewurkje