Springe nei ynhâld

Miombowurger

Ut Wikipedy
miombowurger
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljewurgerfûgels (Laniidae)
skaaiwurgers (Lanius)
soarte
Lanius souzae
Barbosa du Bocage, 1878
IUCN-status:

De miombowurger (Lanius souzae) is in Afrikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) en it skift fan 'e sjongfûgels (Passeriformes).

De miombowurger is in relatyf lytse (17–18 sm) wurger mei in lange, smelle sturt. It mantsje hat in griiseftige kop en brune boppedielen mei grutte, wite skouderplakken. It wyfke hat ljocht rustkleurige flanken en in jonge fûgel is oan 'e ûnderkant ticht bandearre.

Fersprieding en taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De miombowurger wurdt ûnderferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas de namme al oanjout, komt de miombowurger foar yn miombo-bosk, mar ek yn mopane-bosk, foaral dêr't it wâld iepen is. De fûgel wurdt ek wol waarnommen yn 'e omkriten fan folgroeide tunen. Oer it dieet is net safolle bekend, mar hy yt yn alle gefallen ynsekten en grutte spinnen; mooglik jaget er ek op lytse wringedieren. De fûgel briedt yn septimber yn Angoala, fan septimber oant novimber yn Kongo-Kinshasa en Sambia, en benammen yn oktober yn Malawy. De soarte is foar in grut part in stânfûgel.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar de oantallen nimme nei alle gedachten ôf troch de oantaasting fan it leefgebiet – al is dat net sa slim dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List. De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as ûngewoan.

Namme en etymology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miombo is de Swahilynamme foar it beammeskaai Brachystegia, dat út in grut oantal soarten bestiet dy't iepen bosk- of savannelânskippen foarmje yn súdlik Sintraal-Afrika. De wittenskiplike soartenamme earet de Portegeeske ornitolooch José Augusto de Sousa.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: