Wurgers
Appearance
| wurgers | ||
| toarnekster (Lanius excubitor) | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | wurgerfûgels (Laniidae) | |
| skaai: | wurgers (Lanius) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
It fûgelskaai fan 'e wurgers (Lanius) heart ta de famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae). It skaai bestiet út in grut tal soarten. De typesoarte is de toarnekster (Lanius excubitor).
De Sweedske biolooch Carl Linnaeus joech it skaai yn 1758 syn wittenskiplike namme yn 'e tsiende edysje fan syn Systema naturae. Wurgers libje benammen yn iepen lânskippen, savannes en boskrânen, dêr't se fanút in heech sitplak nei ynsekten en lytse wringedieren speure. Hja steane der om bekend dat se de proaien op stikels of toarnen spytse en sa foarrieden oanlizze.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan de wurgers bestiet út 32 erkende soarten.
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | IUCN-status |
|---|---|---|---|---|
| toarnekster | Lanius excubitor | Jeropa en Noard-Amearika | ||
| skatekster | Lanius collurio | Jeropa en Aazje | ||
| Amerikaanske wurger | Lanius ludovicianus | Noard-Amearika | ||
| brune skatekster | Lanius cristatus | East-Aazje | ||
| brúnrêchwurger | Lanius vittatus | Súdwest-Aazje, Yndia | ||
| buffelkopwurger | Lanius bucephalus | Súdeast-Aazje | ||
| dwerchwurger | Lanius gubernator | Sintraal-Afrika | ||
| eksterwurger | Lanius melanoleucus | Súdlik Afrika | ||
| Filipynske wurger | Lanius validirostris | Filipinen | ||
| gielsnaffelwurger | Lanius corvina | Afrika | ||
| griisrêchwurger | Lanius excubitoroides | Sintraal-Afrika | ||
| Ibearyske toarnekster | Lanius meridionalis | Súdwest-Jeropa en Noard-Afrika | ||
| Yndosineeske wurger | Lanius collurioides | Súdeast-Aazje | ||
| isabelwurger | Lanius isabellinus | Sintraal-Afrika oant it Yndysk Subkontinint | ||
| langsturtwurger | Lanius schach | Yndysk Subkonitint, Súdeast-Aazje | ||
| lytse wurger | Lanius minor | East-Jeropa en West-Aazje, Súdlik Afrika | ||
| Mackinnonwurger | Lanius mackinnoni | Sintraal-Afrika | ||
| maskerwurger | Lanius nubicus | Midden-Easten en Súdeast-Jeropa, dielen East-Afrika | ||
| miombowurger | Lanius souzae | Sintraal- en Súdlik Afrika | ||
| Noardlike fiskaalwurger | Lanius humeralis | Afrika | ||
| Noardlike toarnekster | Lanius borealis | Noard-Aazje en Noard-Amearika | ||
| readkopwurger | Lanius senator | Jeropa, Midden-Easten en Afrika | ||
| reuzewurger | Lanius giganteus | Sintraal-Sina | ||
| Sineeske toarnekster | Lanius sphenocercus | East-Aazje | ||
| Sao-Tomeewurger | Lanius newtoni | Sao Tomee en Prinsipe | ||
| Somalyske wurger | Lanius somalicus | East-Afrika | ||
| Súdlike fiskaalwurger | Lanius collaris | Súdlik Afrika | ||
| Swahilywurger | Lanius cabanisi | East-Afrika | ||
| Taitawurger | Lanius dorsalis | East-Afrika | ||
| Tibetaanske wurger | Lanius tephronotus | Himalaya en Tibet | ||
| tigerwurger | Lanius tigrinus | East-Aazje | ||
| Turkestaanske wurger | Lanius phoenicuroides | Sintraal-Aazje |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
