Springe nei ynhâld

Sauwerd

Ut Wikipedy
Sauwerd
Grifformearde tsjerke Sauwerd (2015)
Grifformearde tsjerke Sauwerd (2015)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
Sifers
Ynwennertal1.051 (2026) [1]
Oar
FerkearsierenSpoar fan Grins nei Delfsyl,
Hegelânspoar,
N361
Koördinaten53° 17' NB, 6° 32' EL
Stasjon Sauwerd (2007)
Stasjon Sauwerd (2007)
Offisjele webside
sauwerdwetsinge.nl
Kaart
Sauwerd (Grinslân)
Sauwerd

Sauwerd (Grinslânsk: Saauwerd) is in doarp yn 'e gemeente It Hegelân yn Grinslân. It doarp is boud om in wier hinne, dêr't it ek syn namme oan tanket.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1990 hearde it doarp by de eardere gemeente Adorp. It gemeentehûs fan Adorp stie yn Sauwerd. By Sauwerd stie eartiids de machtige Onstaborg (sjoch Onsta), dy't letter werboud waard by Wetsinge.

De âlde tsjerke fan Sauwerd.

It doarp hie eartiids in midsiuwske tsjerke dy't oan Sint-Laurentius wijd wie. Dy tsjerke stamme út de midden fan 'e 13e iuw en ferfong in âlder gebou út it lêste fearn fan 'e 12e iuw.[2] By dy tsjerke stie in frijsteande 14e of 15e-iuwske toer. Yn 1840 waard de tsjerke fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. Tagelyk waard ek de tsjerke fan Groot-Wetsinge ôfbrutsen. Foar beide doarpen waard healwei yn Klein-Wetsinge in nij tsjerkje boud. Hjoed-de-dei is op it âlde tsjerkhôf fan Sauwert te sjen wêr't de Laurentiustsjerke stien hat.

Yn 1859 waard in kristlik-grifformearde tsjerke oan it Hoogpad boud. Nei de fúzje mei de Nederdútsk-grifformearde tsjerke yn 1897 waard dat de grifformearde tsjerke. Yn 1898 folge de bou fan in nije tsjerke oan 'e Kerkstraat 12. Nei de skuorring yn 1945 yn 'e grifformearde tsjerke ûntstie de frijmakke gemeente, dy't oant 1950 yn in eardere garaazje har tsjinsten holden en yn dat jier nei de nijbou oan 'e Kromme Elleboog 3 ferhûze. Dat gebou waard yn 1983 ferruile foar it eardere griene krúsgebou oan 'e Oude Winsumerstraatweg 7.

Treinûngemak fan 1980.

Sauwerd leit oan it spoar fan Grins nei Delfsyl en oan it Hegelânspoar. Dy spoarlinen splitse har by it doarp. Op 'e iere moarn 25 july 1980 fûn der tusken Winsum en Sauwerd in slim treinûngemak plak wêrby't 9 deaden en 21 ferwûnen foelen.

Efter de Skoalstrjitte leit in âlde tún op in âlde wier dy't bekend stiet as Hiltjes toen (Hiltsjes tún) en ferneamd is nei Hiltje van der Laan, de frou dy't de grûn besiet. Hja wie in biologyske túnker en hie dêr har griente- en blommetún. Flak foar har ferstjerren joech hja de tún oan 'e gemeente mei it betingst dat it altiten in grientetún bliuwe moast. Yn 2019 krige de tún offisjeel de hjoeddeiske namme.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
It Hegelân
Doarpen:
Adorp • Den Andel • Baflo • Bedum • Eenrum • Eppenhuizen • Hornhuizen • Houwerzijl • Kantens • Kleine Huisjes • Kloosterburen • Lauwerseach • Liens • Mensingeweer • Riich • Niekerk • Noardwâlde • Aldesyl • Onderdendam • Eastein • Oosternieland • Piterbuorren • Raskwert • Roodeschool • Rottum • Saaxumhuizen • Sâltkamp • Sauwerd • Startenhuizen (foar in part) • Stitswert • Súdwâlde • Tinallinge • Uithuizen • Uithuizermeeden • Uitwierde • Ulrum • Uskwert • Vierhuizen • Warffum • Warfhuzen • Wehe-den Hoorn • Westerdijkshorn • Westernieland • Wetsinge • Winsum • Zandeweer • Zuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen • 2e Nijhoezen • 't Aagt • 't Lage van de Weg • 't Houweel • 't Stort • 't Wildeveld • Abbeweer • Aldedyk • Alinghuizen • Arwerd • Barnegaten • Bellingeweer • Bethlehem • Beusum • Bokum • Breede • Broek • De Dingen • De Hoogte • De Horn • De Houw • De Raken • De Streek • De Vennen • Den Hander • Den Haver • Deikum • Doodstil • Douwen • Duisterwinkel • Eelswerd • Elens • Ellerhuizen • Ernstheem • Ewer • Falom • Flydoarp • Griissleat • Groot Maarslag • De Haar • Hammeland • Harssens • Hefswal • Hekkum • Helwerd • Heuvelderij • Hiddingezijl • Holwinde • Iemshaven • Kaakhorn • Katershorn • Kattenburg • Klei • Klein Garnwerd • Klein Maarslag • Kolham • Koningslaagte • Koningsoord • De Knijp • Kruisweg • Lienstertillen • Lutje Marne • Lutje Saaksum • Lutjewolde (foar in part) • Maarhuizen • Menkeweer • Menneweer • Midhalm • Nijenklooster • Noordpolder • Noardpoldersyl • Obergum • Oldenzijl • Oldorp • Onderwierum • Oosterhorn • Oosterhuizen (Eenrum) • Oosterhuizen (Súdwâlde) • Oudeschip • Paapstil • Panser • Plattenburg • Polen (foar in part) • Ranum • Reidland • Roodehaan • Schapehals • Schaphalsterzijl • Schilligeham • Skouwen • Skouwersyl • Sint Annerhuisjes • Takkebos • Ter Laan • Tijum • Valcum • Waadwert • Walsweer • Westerhorn (De Marne) • Westerhorn • Westerklooster • Westpolder • Wierhuizen • Wierum • Willemsstreek • Zevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het Bultje • De Hucht • Midhuizen
Wetter:
Broekstermaar • Delthe • Grutte Tsjaryt • Hoornse Vaart • Houwersylsterfeart • Hulpkanaal om Obergum • Hunzegoakanaal • Koksmaar • Kromme Raken • Oude Diepje • Ryddjip • Stitswerdermaar
· · Berjocht bewurkje